Hearrenfean wint fan Twente

Sportklup Hearrenfean kin troch de 2-1 winst tsjin FC Twente wer wat rommer sykhelje. In spektakel waard it net yn it Abe Lenstra stadion, dat wie tefolle frege foar twa ploegen yn sportyf swier waar. Troch Rajiv van La Parre kaam de thúsploech nei in kertier op foarsprong, mei tank oan it gegriem fan de Twente ferdigening. Ynfaller Bulykin makke yn de 54e minút de 1-1. Doe't Twente sterker waard kaam de winnende goal fan Alfred Finnbogason yn de 79e minút. It wie syn 17e fan it seizoen. Mei help fan it publyk koe Hearrenfean stânhâlde.