Himpkwekerij fûn by brân

23 feb 2013 - 21:32
  • Bylden fan de loads mei de himpplantaazje
  • Kommandant Dijkstra fan de brânwacht

By in lytse mar fûle brân oan de Schardijk op 'e Lemmer is de souder fan in opslachloads útbaarnd. Op 'e souder waard in himpkwekerij fûn. De brânwacht sloech earst grut alarm, om't de loads op in bedriuweterrein stiet dêr't in soad gebouwen ticht opelkoar steane.

De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle, in grut part fan de loads koe behâlden bliuwe. Yn de opslach stiene jachten, dy ha op it earste each gjin skea oprûn.  

Trefwurden: 
brân himp Lemmer
(advertinsje)