Gjin WK-medalje foar Jorritsma

23 feb 2013 - 17:43

Gerben Jorritsma hat by it WK allround foar junioaren yn Collalbo gjin poadiumplak pakke kinnen. Op de ôfslutende 5 kilometer einige Jorritsma as 7e mei in tiid fan 6.51.69. Dêrmei bleau de rider fan it gewest Fryslân stean op it 5e plak yn it einklassemint. Paul-Yme Brunsmann sette op de 5 kilometer in persoanlik rekôr fan 6.59.56 op de klok, goed foar it 14e plak. Yn it einklassemint moast Brunsmann tefreden wêze mei it 10e plak.

De winst op de 5 kilometer gong nei de Amerikaan Emery Lehman, dy't yndruk makke mei syn tiid fan 6.38.76.

De wrâldtitel allround gong nei Koreaan Jeong-Su Seo, dy't de Noarske topfavoryt Simen Spieler Nilsen krekt foar wist te bliuwen. It brûns yn it einklassemint wie foar Italiaan Andrea Giovannini.

It allroundtoernoai is klear, mar snein wurde der noch fjouwer ôfstannen riden. De twadde 500 meter foar froulju wurdt folge troch de 1000 meter foar manlju, wêrnei't it WK ôfsletten wurdt mei de ploege-achterfolging foar manlju en froulju.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)