Man rydt mei auto op frou yn

Plysje-embleem © ANP
In 32-jierrige Ljouwerter is freedtenacht mei syn auto op in 22-jierrige frou út deselde stêd ynriden. Beide hiene yn in hoarekagelegenheid oan de Heliconwei spul krigen. Ek bûten gie de rûzje noch fierder. De frou krige dêrby in fûstslach yn it gesicht. Uteinlik woe de man mei syn auto útnaaie. Dêrby ried er yn de rjochting fan de frou, dy't noch krekt op 'e tiid fuortspringe koe. De man is dêrnei trochriden. De plysje hat him letter oanhâlde kind.