Aksje De Rouwe foar skoallen

23 feb 2013 - 12:36

CDA-Twadde-Keamerlid Sander de Rouwe komt yn aksje tsjin de sluting fan lytste skoallen yn de provinsje. Syn partij hat in webside opset mei as titel: Geen Haags mes in onze les. De Rouwe is fan doel de kommende tiid ferskate skoallen te besykjen om de problemen oan te hearren. Sneontemoarn hat hy it earste petear hân yn Sint Nyk mei de direkteur fan de basisskoalle dêr dy't ticht moat as de nije noarm fan minimaal 100 learlingen trochgiet.

(advertinsje)