Wer medalje Antoinette de Jong

23 feb 2013 - 12:30

Antoinette de Jong hat opnij in brûnzen medalje helle op it WK allround foar junioaren yn Collalbo. De winst op de 1000 meter wie foar Vanessa Bittner fan Eastenryk yn 1.18.72. Klassemintsliedster Miho Takagi waard twadde yn 1.19.03, De Jong fan Rottum kaam yn 1.19.23 oer de streek. Reina Anema fan De Gordyk waard sechsde by de allrounders yn 1.21.43.

Yn it klassemint bliuwt Antoinette de Jong tredde, achter Takagi en Bittner. Anema is sânde. Letter op de middei wurdt de lêste ôfstân, de 3000 meter, ferriden.

Trefwurden: 
reedriden WK junioaren
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)