Atje set langebaan op 'e kaart

23 feb 2013 - 12:16

Atje Keulen-Deelstra hat it langebaan-reedriden yn Fryslân op de kaart set. Dat seit reedrydhistoarikus Hedman Bijlsma yn reaksje op it ferstjerren fan de âld-kampioene. Yn ús provinsje hat jierrenlang benammen in soad omtinken west foar it koartebaanriden, mar dêr hat sy feroaring yn brocht. Atje Keulen-Deelstra wie ien fan de bêste froulike reedriders ea. Se wûn mar leafst fjouwer kear de wrâldtitel allround en ek op tal fan oare kampioenskippen hat se medaljes wûn.

Se foel dêrtroch yn de jierren '70 ek yn it bûtenlân op.

Der is sels in boek oer har oerset nei it Russysk. Atje Keulen-Deelstra ferstoar freed. Se is 74 jier wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)