Doarpsein bestiet 75 jier

Eineferiening De Doarpsein út Ryptsjerk bestiet 75 jier. Freed wie it dêrom grut feest by de ledegearkomste yn doarpshûs De Einekoer yn dat doarp. Spesjaal foar it jubileumfeest is in boek skreaun oer de skiednis fan de feriening.
It bestjoer fan De Doarpsein seit dat alle ynwenners fan Ryptsjerk lid binne omdat de kontribúsje sa leech is. De leden betelje mar 15 eurosint it jier en dat bedrach is yn 75 jier noch nea ferhege.