Knegt en Breeuwsma wolle titel

Se gean foar neat minder as de wrâldtitel. De Fryske shorttrackers Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma. Beide dogge mei yn de ôflossingsploech. Ferline jier einigen se as twadde en dat wolle se dus ferbetterje. Konkurrinten binne Koreä, Ruslân en Kanada. Sjinkie Knegt docht ek mei oan it yndividuele toernoai. Dêryn einige hy ferline jier as sechsde, no wol er minimaal ien plak heger einigje.
De shorttrackers riede har kommende wike yn it Turkske Erzurum ta op it WK shorttrack. Yn de bergen op 2000 meter hichte leit in iishal. It WK shorttrack is fan 8 oant en mei 10 maart yn it Hongaarske Debrecen.