Jorritsma twadde op WK

Gerben Jorritsma © awfoto.nl
Gerben Jorritsma stiet nei de earste dei fan it WK allround foar junioaren yn Collalbo op in kreas twadde plak. De reedrider fan it gewest Fryslân waard twadde op de 500 meter yn 36.80 en sechsde op de 3000 meter yn 3.57.61, in pr. De Noar Simen Spieler Nilsen giet oan de lieding. Op de 1500 meter fan sneon hoecht Jorritsma mar 0.17 sekonden op Nilsen yn te heljen. Paul Yme Brunsmann fan Twellingea stiet achtste nei 37.70 op de 500 en 4.00.65 op de 3000 meter.
By de junioaren binne 72 dielnimmers, 32 dêrfan ride it allround toernoai. De rest striidt om de medaljes per ôfstân.