Kruiswijk net fit genôch

22 feb 2013 - 16:23

Arnold Kruiswijk is net fit genôch om kommende sneon mei te dwaan yn de wedstriid tsjin FC Twente. Ferline wike like it derop dat er wer better wie fan in ljiskblessuere, mar doe krige er in weromfal. Kruiswijk hopet oare wike folslein mei te trainen.

Ramon Zomer en Joey van den Berg binne skorst, sadwaande foarmje Kum en Gouweleeuw it sintrum. Op it middenfjild kriget Marten de Roon wer in basisplak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)