Bussen Arriva derby

22 feb 2013 - 16:14

Busferfierder Arriva feroaret takom wike in tal tsjinstregelings foar bussen yn Noard- en Súdwest-Fryslân. It giet om busferbinings tusken Snits en Frjentsjer, Dokkum en Eastmahorn en Ljouwert en Dokkum.

By de measte linen giet it om in ekstra rit dy't derby komt. De feroarings wurde dien nei oerlis mei reizgersorganisaasjes en doarpsbelangen.

Trefwurden: 
Arriva tsjinstregeling bussen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)