Thúsbehanneling foar hûdkanker

It sikehûs op It Hearrenfean begjint mei in spesjale thúsbehanneling foar hûdkanker. It giet om in behanneling fan de kankersoart basaalselkarsinoom.
No moatte pasjinten faak oeren lang nei it sikehûs foar in behanneling en ek faker weromkomme. Yn de nije behanneling krijt in pasjint in lampke op de hûd plakt dat derfoar soarget dat de ferkearde hûdsellen ôfstjerre. Dêrtroch hoege pasjinten net sa faak werom te kommen. Sikehûs De Tsjongerskâns ferwachtet mei de nije metoade tachtich pasjinten yn it jier helpe te kinnen.