Wiete paden Amelân ferbetterje

22 feb 2013 - 14:19

De gruttere grûneigeners op It Amelân besykje mei-elkoar in oplossing te finen foar de wetteroerlêst. By 't hjerst en winter binne de paden wol gauris te wiet. Benammen hjerstmis falt de lêste jierren in soad reinwetter. Ien fan de grûneigeners is Steatsboskbehear. It ûnder wetter rinnen fan paden is net goed foar it toeristyske byld fan it eilân, fynt Marjan Veenendaal fan de organisaasje. As maatregel kin tocht wurde oan in bettere ôfwettering of oan hegere fytspaden.

Op dit stuit is de wetteroerlêst al wer bot ôfnaam.

Trefwurden: 
fytspaad
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)