Himpplantaazje yn St Anne
De plysje hat yn in garaazje oan De Draai yn Sint Anne in himpkwekerij ûntmantele. Der stiene 45 planten yn de kwekerij. Dy waarden ferljochte troch LED-ferljochting. De elektrisiteit waard legaal ôftape.
De plysje hat gjinien oanhâlden. De himpplanten en de apparatuur binne yn beslach naam.