Fernieler monumint berjochte

22 feb 2013 - 11:50

In man (21) út De Westereen hat freed in selstraf op betingst krige foar it fernielen fan it monumint foar Marianne Vaatstra. De rjochter neamde it in earnstige saak om't de moard tige gefoelich leit yn it doarp. 'Dit is wat anders dan een gewone vernieling', sei de rjochter.

De Westereender wit neat mear fan de fernieling yn de nacht fan 17 op 18 jannewaris 2012. Dat kaam om't er in protte alkohol op hie, sei er sels. De man krige ek noch in drankferbod foar de kommende twa jier. Hy sil syn ekskuzes oanbiede foar wat er dien hat.

It monumint foar de fermoarde Marianne Vaatstra bestiet út in betonnen betinkingsplaat mei lampkes op sinnesellen derby. De fertochte hat de lampkes fernield.

Trefwurden: 
monumint Vaatstra fernieler
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)