Klap foar de holle

22 feb 2013 - 11:01

By in rûzje yn Berltsum hat in man fan 28 jier út dat doarp in klap tsjin de holle krige fan in 45-jierrige doarpsgenoat. De rûzje wie tongersdeitejûn op de Wiesterdyk.

De mishannele man belle fuortendaliks fe plysje en dy hat de oare man oanhâlden. De 45-jierrige is nei it plysjeburo brocht. Dêr is er foar ûnderysk ynsletten. It slachtoffer hat oanjefte dien fan de mishanneling.

Trefwurden: 
mishanneling Berltsum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)