Ynbrekkers langer fêst

22 feb 2013 - 10:27

Twa Harnzers dy't oppakt binne op fertinking fan ynbraak, moatte fjirtjin dagen langer fêstsitten bliuwe. Dat hat de rjochter-kommissaris tongersdei bepaald.

De manlju fan 21 en 24 jier waarden moandei oanhâlden yn harren âldershûs. Yn de huzen waarden ferskate dingen yn beslach naam dy't mooglik stellen binne. De ynbraken binne dien yn de omkriten fan Harns en Frjentsjer. Sûnt moandei sitte de twa fêst op it plysjeburo en dêr moatte se no langer bliuwe.

Trefwurden: 
Harns Frjentsjer ynbrekkers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)