Stille tocht Feansupporters

Supporters fan Sportklup Hearrenfean hâlde in stille tocht foar de wedstriid Hearrenfean-Twente kommende sneon. De aksje is rjochte tsjin de machtsstriid dy't der neffens harren op dit stuit geande is. Fan kertier foar achten ôf rinne de supporters fan it Gemeenteplein ôf rjochting stadion.
In ûnôfhinklike groep supporters ropt op om op te hâlden mei de iepenbiere machtsstriid en wanfertoaning yn de media. De wedstriid Hearrenfean-Twente begjint om kertier foar njoggenen.