KH 2018: miljoenen fan it Ryk

Ljouwert rekkenet op miljoenen ryksstipe as it yn septimber ta Kulturiele Haadstêd yn 2018 keazen wurdt. Neffens boargemaster Crone nimt it kabinet yn de maaitiidsnota dêr in beslút oer. Eindhoven, mei Maastricht de oare gadingmakker, seit op 20 miljoen te rekkenjen. Ljouwert kaam yn it bidbook út op in minimumbedrach fan tsien miljoen. Crone is optimistysk oer de kânsen fan Ljouwert. Dy binne neffens him grutter as dy fan de oare gadingmakkers.