WK junioaren yn Collalbo

21 feb 2013 - 17:18

Reedrydtalint Antoinette de Jong fan Rottum is klear foar it wrâldkampioenskip junioaren dat freed yn it Italiaanske Collalbo begjint. De 17-jierrige Friezinne belibbe dit jier har trochbraak. Se waard ferrassend fyfde op it NK allround foar senioaren en einige op datselde plak op it EK allround. Ferline jier waard se fjirde op it WK junioaren.

Gerben Jorritsma fan Diever docht ek mei oan it WK. Jorritsma hat in Fryske heit en mem en rydt al jierrren foar it gewest Fryslân. Ek de Friezen Reina Anema en Paul Yme Brunsmann komme yn aksje.

Yn Collalbo wurdt riden yn de iepen loft. Antoinette de Jong, Reina Anema (De Gordyk), Gerben Jorritsma en Paul Yme Brunsmann (Twellingea) ride alle fjouwer it allround toernoai oer fjouwer ôfstannen. Per ôfstân kinne se ek kampioen wurde, omdat it WK junioaren de twa WK's yn ien kear docht: allround en per ôfstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)