Fleanbasis lit bom ûntploffe

Op de fleanbasis yn Ljouwert wurdt freedtemiddei in bom ta ûntploffing brocht. It giet om in Amerikaanske hûndertpûner dy't fûn is by boaiemûndersyk foar de oanlis fan in drainaazjesysteem op de basis sels.
De bom is net swier en dêrom kin er op de basis sels ûnskealik makke wurde. Der wurdt in stik fan it terrein ôfset, dêr't gjin minsken komme meie. Omwenners fan de basis sille oars neat fernimme as in doffe dreun, sa is de ferwachting.