Undersyk Jasper S. is klear

21 feb 2013 - 16:48

It psychologysk ûndersyk nei fertochte Jasper S. yn de saak- Vaatstra is klear. Dat hat syn advokaat Vlug tongersdei bekend makke. Wat de resultaten fan it ûndersyk binne, is noch net bekend. Neffens de advokaat is ek in tal famyljeleden heard yn it ûndersyk.

Kommende woansdei begjint it proses tsjin Jasper S. It giet om in pro-forma-sitting. De saak wurdt dan noch net ynhâldlik behannele. De offisier fan justysje jout woansdei de stân fan saken yn it ûndersyk.

Jasper S. waard yn oktober ferline jier arrestearre foar it ombringen fan Marianne Vaatstra. Hy hie meidien oan it grutskalige DNA-ûndersyk en dêrtroch koe de plysje him oanhâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)