Achterfolging nei ramkreak

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn Sint Nyk trije fertochten fan in ramkreak yn Roden oppakt. Se ramden sneintenacht mei in auto in pinautomaat by in bank yn it doarp. Doe't de plysje oankaam, wiene de trije al útnaaid. Se waarden troch de Fryske plysje sjoen op de A7. By in achterfolging fleagen de trije mei de auto tsjin in boerd op de rotonde by de Jouwer. Dêrnei binne se klemriden yn Sint Nyk en mei help fan in plysjehûn oppakt.
De trije komme út Amsterdam. Se binne 19, 20 en 21 jier. Se binne fêstset. Se hawwe gjin jild meinimme kinnen by de bank.