Boppe sleat ta stilstân

19 des 2011 - 10:33

In frou fan 68 jier út It Hearrenfean is sneintejûn ferwûne rekke by in ûngelok yn Aldskoat. It slachtoffer siet by har man yn de auto. Dy rekke troch de glêdens yn 'e slip. De auto kaam boppe in sleat ta stilstân.

De frou rekke licht ferwûne oan it boarst. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)