'Sprekrjocht net útwreidzje'

De essinsje fan it strafrjocht wurdt oantaast as slachtoffers yn rjochtsaken in gruttere rol spylje meie. Dat fynt advokaat Tjalling van der Goot fan advokatekantoar Anker en Anker yn Ljouwert. Van der Groot reagearret op útspraken fan strafrjochtdosint Nico Kwakman fan de Ryksuniversiteit Grins.
It kabinet tinkt deroer om slachtoffers in folle gruttere rol te jaan by strafsaken. Kwakman is bang dat slachtoffers dêrtroch aanst ek in miening jaan meie oer de hichte fan de strafeask.
In slachtoffer mei yn de rjochtseal no allinnich fertelle watfoar effekt in misdriuw op him of har hân hat.