Advokaten stypje finzenissen

De ried fan tafersjoch fan de Oarder fan Advokaten stipet de aksje fan de ûndernimmingsrieden fan de noardlike finzenissen om iepen te bliuwen. Foar advokaten is it wichtich dat de lokaasjes yn it Noarden net slute. It kostet in soad jild as advokaten fierder reizgje moatte om by kliïnten del te gean. It kontakt wurdt dêrtroch behindere en de tarieding fan it strafproses is dreger.
Fierders sille neffens de advokaten logistike problemen ûntstean as fertochten út bygelyks de Rânestêd komme moatte foar in sitting.
De petysje fan de Noardelike ûndernimmingsrieden is al hast 1600 kear tekene. Yn maart wurdt de hantekenlist oanbean oan steatssekretaris Teeven fan Justysje en Feiligens.