Help foar fiskers Lauwerseach

21 feb 2013 - 11:17

Fiskers yn Lauwerseach krije help by it meitsjen fan plannen foar in duorsume takomst. Ald-deputearre fan Grinslân Douwe Hollenga is dêrfoar oansteld troch de gemeente De Marne.

Om oerlibje te kinnen moat de fiskerij sa min mooglik skea oanrjochtsje oan natuer en miljeu. Tocht wurde kin bygelyks oan spesjale netten. Hollenga sil plannen sammelje by de fiskers en sykje nei mooglikheden foar finansiering fan de ynvestearrings. Hy sil fierders foar de fiskers opkomme by de gemeenten, de provinsjes en de lanlike oerheid.

In soad garnaatfiskers út de gemeente Dongeradiel hawwe Lauwerseach as thúshaven. Der lizze ek fiskers út de gemeente De Marne yn Grinslân. Dy lêste gemeente sil de nije oanjager betelje mei Europeesk jild. Hollenga sil meikoarten ek om tafel mei de gemeente Dongeradiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)