Ynternasjonale priis Vitens

21 feb 2013 - 08:47

Wetterbedriuw Vitens hat de Global Innovation Award wûn foar de proeftún yn Noardburgum. De priis is justerjûn yn Madrid útrikt.

Yn Noardburgum leit 2000 kilometer oan liedings ûnder de grûn. Yn dy liedings wurde testen dien mei sensoaren. Doel is dat de sensoaren bygelyks in lek yn de lieding opspoare foardat de boarger dêr lêst fan hat. It wetterbedriuw kin dan problemen gauwer oanpakken.

Vitens hie konkurrinsje út it bûtenlân, mar de sjuery fûn it Fryske projekt it meast fernijend.

Trefwurden: 
priis Noardburgum Vitens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)