Alvestêderûte hast klear

20 feb 2013 - 14:51

Boatsjefarders kinne fan takom maaie ôf gebrûk meitsje fan de noardlike alvestêderûte. Op dit stuit wurdt hurd wurke oan de lêste saken oangeande it útdjipjen en breder meitsjen fan de farrûte. Earder al binne 13 brêgen ferhege en twa sluzen oanlein by Wier en Alde Leie. Mei jild fan it Waadfûns is it lêste part fan it projekt betelle en komt in grutte winsk fan seis belutsen gemeenten en de provinsje út. De folsleine alvestêderûte is no befarber foar plezierfeart en dat moat ekstra toeristen nei Fryslân lûke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)