'Yn 2032 briedt ljip net mear'

20 feb 2013 - 14:04

De kâns is grut dat yn 2032 gjin ljippen mear briede yn Fryslân. Dat seit foarsitter Harm Niesen fan de Faunabeskerming. Hy die syn útspraak woansdei by in koart pleit oer it ljipaaisykjen. Syn organisaasje wol dat de provinsje de ûntheffing ynlûkt dy't ferliend is foar it sykjen fan dit jier. Niesen wiisde yn de rjochtbank op de sifers fan de ôfrûne jierren. Dy litte sjen dat it tal ljippen ôfnimt en as dat trochset, komme oer sa'n tweintich jier gjin briedende ljippen mear foar yn ús provinsje. De útspraak folget 26 febrewaris.

Ien fan de wichtichste arguminten fan de Faunabeskerming is dat de provinsje de ûntheffing net op basis fan genôch ûndersyk jûn hat. De provinsje en it Bûn fan Fryske Fûgelwachten binne it dêr net mei iens. Boppedat seit de provinsje dat it de lêste jierren oer it generaal better giet mei de ljip yn Fryslân. Mar fûgelpopulaasjebiolooch en heechlearaar Theunis Piersma sei as tsjûge fan de Faunabeskerming dat it tal ljippen sûnt 1996 elk jier werom rint mei 3,4 prosint.

Trefwurden: 
koart pleit ljip
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)