Slachwurkers foar Warchild

20 feb 2013 - 13:51

Dosinten fan de muzykskoallen út Bûtenpost en It Hearrenfean sykje 538 slachwurkers foar in aksje foar it goede doel. Radiostjoerder 538 organisearret op 23 maart op It Hearrenfean in spesjale aksjedei om jild yn te sammeljen foar Warchild. Doel is dat dan ek de 538 slachwurkers optrede. Elke slachwurker betellet €2,50 dat dan nei it goede doel giet, minsken dy't sjen wolle kinne ek jild jaan.

Trefwurden: 
War Child slachwurker
(advertinsje)
(advertinsje)