Strontrace fiert jubileum

It is yn oktober grut feest yn Warkum. De strontrace, beurtveer, fiskerij en Liereliet fiere dan it 40-jierrich jubileum. Yn it wykein foarôfgeand oan de strontrace wurdt in grutte reüny foar âld-meiwurkers en oaren hâlden. Fierder wurdt in eksposysje organisearre en in spektakel op it wetter. Doel fan de jubileumkommisje is om de jeugd mear by it evenemint te belûken.