Grutte brân yn pleats Sumar

20 feb 2013 - 07:20

In grutte brân hat in pleats yn Sumar folslein yn 'e jiske lein. By de brân is net ien ferwûne rekke, en it fee koe ek op 'e tiid út de skuorren helle wurde. Fan de pleats oan de Mienskerwei stiet allinnich de foargevel noch oerein. De brânwacht hie grutte muoite mei it blussen omdat der ûnfoldwaande bluswetter foarhannen wie. By de brân is asbest frijkaam, neffens in earste ûndersyk is dat foaral op it hiem fan de pleats delkaam. De omwenners ha in brief krigen. Dêryn stiet dat troch in geunstige wyn gjin gefaar foar de sûnens.

Trefwurden: 
brân pleats Sumar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)