Aris allinnich op fjirde plak

19 feb 2013 - 22:45

Troch in oerwinning op Nijmegen hat basketbalklup Aris it fjirde plak stevich yn hannen naam. Aris hie in makje tsjin Nijmegen en wûn mei 98-82. Nei in wat minne begjinfaze rûn Aris al gau út en by rêst wie it eins al beslist. Nijmegen hie in soad blessueres en wie net it Nijmegen dat earder dit seizoen twa kear fan Aris wûn. Troch de oerwinning is Aris no allinnich fjirde mei twa punten mear as nûmer fiif Zwolle.

Trefwurden: 
Aris basketbal Nijmegen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)