CU yn aksje foar lytse skoalle

19 feb 2013 - 22:13

De Fryske ChristenUnie wol in byienkomst yn Fryslân hâlde oer de mooglike sluting fan lytse basisskoallen. Op de byienkomst wol de partij mei misken út it fjild yn petear. Oan de hân fan har ûnderfining wurdt in plan opsteld en nei de ûnderwiisried stjoerd. Oanlieding is it advys fan de ûnderwiisried om skoallen mei minsder as hûndert learlingen binnen fiif jier te sluten. Dizze skoallen soene net goed genôch wêze.

Neffens de ChristenUnie yn Fryslân kin de ûnderwiisried dat sa mar net sizze. Der binne ek lytse skoallen dy't hiel goed binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)