Moaiere ferljochting mei kryst

© ANP XTRA
Der moat mear moaie krystferljochting yn Ljouwert komme. Dat fynt de riedsfraksje fan de PvdA. Tocht wurdt oan ferljochting tusken it stasjon en it Saailân. Dit is neffens de partij de wichtichste rûte dy't minsken rinne nei it sintrum ta. No steane dêr allinnich lantearnepeallen, mar de PvdA sjocht leaver moai ferljochte beammen. Ek op de Nijstêd soene mear beammen ferljochte wurde kinne. De PvdA hat in brief skreaun oan de Stifting Ljochtstêd Ljouwert om hjir oer mei te tinken.