Frijspraak frege yn kachelsaak

19 feb 2013 - 18:57

Wenningkorporaasje WoonFriesland wurdt mooglik net feroardiele foar de dea fan in man yn ien fan har huzen yn Ljouwert.

Yn 2003 kaam dêr in man troch koalmonoksidefergiftiging om it libben omdat de kachel yn syn keamer net doogde. Neffens de heit fan it slachtoffer is dat de skuld fan de wenningboukorporaasje. Mar dy seit dat it hûs sûnder ferwarming ferhierd waard en dat de kachel dus de ferantwurding fan de hierders wie. De offisier fan justysje freget frijspraak. De útspraak is oer fjirtjin dagen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)