Beammen by spoar dochs om

19 feb 2013 - 12:49

De beammen by it spoar yn de Ljouwerter wyk Cammingabuorren meie kapt wurde. Dat hat de gemeente de wykbewenners witte litten. Spoarbehearder ProRail sil de beammen by it spoar fuorthelje. De buertbewenners kamen der tsjin yn ferset, mar de gemeente skriuwt har no yn in brief dat de kap trochgean kin, ProRail hoecht dêr gjin nije fergunning foar oan te freegjen.

De gemeente seit lykwols ta dat der in werplantplan komt om it útsicht fan de bewenners dochs grien te hâlden. Nije wike moandei meie sy meiprate oer dy plannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)