Blog: Mozambyk, the African way

25 feb 2013 - 10:40

Dêr sit ik dan, ûnder in grutte Afrikaanske beam, in heldere stjerrehimel en in hast folle moanne by 27 graden. Yn Mozambyk. Buorlân fan Súd-Afrika. Fier fuort fan it heitelân. Mar op rare wize wol ferbûn mei ús. Sûnder dat we ús der miskien fan bewust binne. Mar hast alle Friezen jouwe in euro yn it jier oan Mozambyk. Oftewol oan in Frysk projekt yn dit lân. 'Schoon Water voor Mozambique' sa hjit it projekt. Yn novimber ha ik mei kameraman Theo Ligthart it plan makke om te sjen wat der mei ús jild allegear bart. Yn de stêd Xai Xai is it projekt dwaande mei sanitaasje. Op skoallen wurde wc geboutsjes boud, bern wurdt leard hoe wichtich oft hygiëne is. Mar ek op allerhande oare flakken wurdt hjir mei de mienskip sjoen hoe’t de sûnens en leefomjouwing ferbettere wurde kin. Want as minsken sûner binne kinne se mear.

Fan it projekt sels ha we noch net safolle sjoen, dat komt noch. De reis hjir hinne wie al in hiele trip. Justermoarn om healwei sânen giene we dizze kant út. Fan Fryslân nei Schiphol op nei Johannesburg yn Súd-Afrika, de earste tuskenstop. Mei kamera, statyf, koffers en in hiel protte nocht. Om de kamera it fleantúch yn te krijen wie al in toer. Nederlân regellân sille we mar sizze. It statyf ûntmantele. 100 Euro ekstra betelle om ús ark mei te krijen út Nederlân wei. Mar hawar it slagge en we hiene in prima reis nei Súd-Afrika, dêr’t we oernachtsje moasten. De bagaazje waard al trochstjoerd nei Maputo, de haadstêd fan Mozambyk. Wat ûnderguod en de toskeboarstel yn de hânbagaazje,want jo witte it mar nea. Deputearre Tineke Schokker hat earder in kear har koffer nea wer sjoen, dus…. Mar soks sil ús dochs net barre… Dus hearlik sliept.

En fan 'e moarn om seis oere wer fierder…moarnsbrochje en wer op nei it fleanfjild. Nei Maputo. Marc Jensen, dy’t foar it projekt mei ús meireizget hie it allegear goed foarmekoar. Mar oei, we wiene oan de lette kant. Dravend nei de gate…dêr wie net ien mear. Fleantúch mist??? Nee hear, gewoan in oere fersjoen…te betiid. Gelokkich mar, en it joech my de tiid om wer efkes werom te tinken oan trije jier lyn. Fjouwer dagen ha ik doe festsitten op it fleanfjild fan Johannesburg. Jiskewolk…mar no giet alles goed! We fleane oer it prachtige Afrikaanske lânskip. Geweldich om te sjen.

In oere letter stappe we út yn Maputo. Hehe we binne der! Op nei de bagaazje….

We komme oan by de bân, en ja, in goed teken! It statyf rôlet fuort binnen. Ha dy 100 euro dochs ergens goed foar west. Mar dan bliuwt de bân fierders gefaarlik leech. It sil dochs net? Mar al wat der komt, gjin koffers. En dêr stean je dan. De Afrikaanske meiwurkers dogge harren bêst, ús adressen yn Nederlân wurde noteard. Oef, dat jout de boarger moed! Raoul, in Mozambikaanse meiwurker fan it ministearje fan folkssûnens hjir ekskusearret him.
Yn Johannesburg giet it sa faak mis…mar goed, we ha de toskeboarstel en ûnderguod, en alles is oeral te keap. Kin ik einlik ris mei rjocht en reden sa’n moaie Afrikaanske jurk keapje. Sa hat elk neidiel wer syn foardiel, toch? We wachtsje noch op Linda, ien fan de oprjochters fan it projekt. Se komt út Kenia weromfleanen, spesjaal foar ús. Ofstannen sizze hjir neat. Afrika is grut, mar fleanen giet hurd sa is de stelling.

In foardiel fan minder bagaazje is dat we wat rommer yn de hierauto sitte. Want yn Maputo binne we der noch net. Noch dik trije oeren is it riden nei Xai Xai. En dan sjogge je je de eagen út. Mei 120 knalle we oer de dyk, wylst elkenien hjir gewoan oan de kant fan de dyk sit, rint of fytst. Ik hâld de hannen betiden foar de eagen, mar se sjogge der hjir net fan op of om. En lâns dyselde dyk komme we merken foarby mei de meast prachtige kleuren fan klean, mar ek fruit, griente en oar guod. Afrika is kleur! Mar ek rotsoai, guon huzen, of binne it hutten, lykje wol op jiskebulten. Oeral rommel. Mar ek beamkes mei plestik pûdsjes fol mei cashewnuten. It giet fan it iene yn it oare.

En dan komme we by Xai Xai. En sjogge noch restanten fan in grutte oerstreaming fjouwer wike lyn. Hjir wie it noch net iens sa slim, mar op oare plakken binne minsken ferdronken, 80.000 minsken evakuearre en grutte fernielings. Flak foar Xai Xai sjogge we fernielde brêgen. We sjogge dat der wurke wurdt oan it herstel.

En yn Xai Xai ynienen op gebouwen lytse Fryske flachjes. En knalgriene jiskefetten. De earste tekenen fan it Fryske projekt 'Schoon water voor Mozambique'. Moarn mear hjiroer. Earst de reis noch efkes ôfmeitsje. Xai Xai playa is de einbestemming. Dêr stiet ús hotel. Mar dêr oankaam blike ús keamers beset…
the African way. En wy gean der yn mei. Want yn Afrika komt alles altyd wol wer goed, mar net altyd op de manier sa’t wy tinke dat it moat. De hoteleigener rydt mei ús nei in hûs efkes fierderop. Dêr binne trije keamers dêr't we sliepe kinne. En nei in dei yn Mozambyk begjinne we it al te learen. Alles komt goed, as je der mar yn leauwe en de sunny side fan it gehiel sjen bliuwe. Sa komt dat ik no op in keamer sliep mei Spiderman gerdinen. Altyd al fan dreamd!

Enne..krekt kaam der in tillefoantsje fan Raoul. De koffers binne ek oankaam. Sjoch no wol, alles komt goed, Hakuna matata!

Trefwurden: 
argyf Mozambyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)