Direkteur Thús Wonen fuort

19 feb 2013 - 10:15

Wenningkorporaasje Thús Wonen yn Dokkum moat op syk nei in nije direkteur. Roelof Kuik is sûnt 1 febrewaris net mear aktyf yn dy funksje. Neffens in brief dy't de wenningkorporaasje oan syn relaasjes stjoerd hat binne sûnensproblemen fan Kuik de oarsaak.

Ferline jier siet Kuik om dy reden al in oantal kearen foar langere tiid thús. Sjoen alle ûntwikkelings dy't de kommende tiid op de korporaasjes ôfkomme soe dat opnij gebeure kinne. Kuik bliuwt noch wol in healjier yn tsjinst by Thús Wonen om in tal projekten ôf te meitsjen. 

Trefwurden: 
Thús Wonen Roelof Kuik
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)