FSU: hâld op mei klopjacht

19 feb 2013 - 07:17

It Fries Samenwerkingsverband Uitkearingsgerechtigden ropt de Fryske gemeenterieden op om net mei te wurkjen oan it plan om minsken dy rjocht ha op in útkearing by sosjale wurkpleatsen ûnder te bringen. Der is no noch sprake fan in proefprojekt fan Empatec en 13 Fryske gemeenten. Mar as it fertuten docht dan moat it oeral ynfierd wurde.

Neffens it FSU is dat in minne saak, om't der no al te min wurk is foar de sosjale wurkfoarsjenningen. Ek fynt it FSU dat minsken sels in kar ha moatte watfoar wurk sy dwaan wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)