Koudum wol sels wenten bouwe

18 feb 2013 - 20:42

Koudum sil sels de braak lizzende stikken grûn yn it sintrum en by de haven ûntwikkelje. Moandei makke wenningboukorporaasje WoonFriesland bekend dat se har werom lûke út de projekten. Se hawwe der gjin fidúsje mear yn om te bouwen.

It grutte terrein by de haven leit der nei de sloop fan de skoalle al tsien jier fertutearze by. Der soenen 45 hier- en keapwenten op boud wurde, mar no groeit der reid, oeral komme beamkes op en fierders is it in wiete boel. Doarpsbelang sil ûndersykje wat mooglik is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)