Maitiidsfûgels wer yn Fryslân

18 feb 2013 - 17:21

Yn natuergebiet Skrins fan Natuermonuminten by Easterein binne moandei de earste skriezen sjoen. It wiene wis achttjin. It soene wolris de earste skrieswaarnimmings op it Fryske fêstelân fan dit jier wêze kinne. Fierders binne ek al in soad ljippen te sjen dêr't guon al fan oer de wjuk gean. It boumantsje, de wylster en de ljurk waarden ek al sjoen of se wiene te hearren. Dêrmei binne yn alle gefallen yn it gebiet Skrins de greidefûgels der wol hiel betiid by.

Ferline jier foel op dat bygelyks de ljip pas hiel let yn Fryslân oankaam.

Trefwurden: 
ljip skries ljurk boumantsje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)