Scoutingsdei foar keeperkes
Fiifensechtich keepertalinten hawwe harren moandei fan harren bêste kant sjen litten by in spesjale scoutingdei. Dy waard organisearre troch de fuotbalskoalle Sportklup Hearrenfean. It gie om jonges fan 8, 9 en 10 jier út Fryslân, Drinte en de Noardeastpolder.
No woansdei is der krekt sa'n scoutingdei, mar dan foar fjildspilers.