Gjin nije hierwenten yn Koudum

18 feb 2013 - 16:19

Wenningkorporaasje WoonFriesland giet net fierder mei de ûntwikkeling fan it Havenkertier yn Koudum. Yn de nijste kabinetsplannen stiet dat korperaasjes 1,7 miljard euro oan it ryk betelje moatte. Hoewol't dat minder is as de 2 miljard dy't earder ôfpraat is, bliuwt it heech, fynt WoonFriesland. Dêrtroch komt de nijbou foar in grut part stil te lizzen.

Yn Koudum soene fjirtich nije huzen oan de haven komme. Ferline wike liet WoonFriesland ek al witte dat de huzebou yn it sintrum fan Koudum ek net trochgiet.

Yn it noarden wurdt minder fertsjinne en is de fraach nei hierwenten heech.

Trefwurden: 
Koudum WoonFriesland
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)