Aksje plaknamboerd foel net op

18 feb 2013 - 14:14

It Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert hat net folle wille hân fan in spesjale reklame-aksje foar in útstalling oer de Waadsee. Alle plaknammebuorden fan Ljouwert wiene foar dy aksje oerplakt mei de tekst LeeuWADDEN. Dat wie dien mei plakplaatsjes yn deselde blauwe kleur as de buorden. Direkteur Koopmans tinkt efterôf dat de tekst dêrom te min opfoel.

By de gemeente is de aksje wol opfallen, want de plaatsjes mei reklame foar it museum binne al wer fuorthelle. It museum hat noch wol plakkers oer en oerwaget om de aksje nochris te herheljen.

Foar de útstalling oer it Waad is yn de oerkape binnentún fan it museum sân kúb sân delstoart. Mei dat sân is in stikje Waadgebiet sa goed mooglik neiboud, mei opsette bisten, skulpen en fisken. Under lieding fan in gids kin der dan in rintocht fan in kertier makke wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)