Mienskiplik muzykkonkoers

18 feb 2013 - 13:53

Fryslân, Grinslân en Drinte organisearje foar it earst yn de skiednis in mienskiplik muzykkonkoers. Dat sil wêze op 23 maart yn Grins. Wichtichste reden is it konkoers yn Grinslân en Drinte dêrmei mear bekendheid te jaan.

Yn Fryslân wurdt ek al in konkoers hâlden op 2 maart yn De Lawei yn Drachten. Dat is wakker populêr. Yn beide oare provinsjes is al jierren gjin konkoers mear fanwege te min dielnimmers. De Organisaasje fan Muzykferienings yn Fryslan sil meihelpe it konkoers yn Grinslân en Drinte wer op de kaart te setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)