Folsgeare net bliid mei Himmen

Súdwest-Fryslân kriget de hannen yn Folsgeare net opelkoar foar de plannen om De Himmen mei 40 bunder út te wreidzjen. It giet om de tredde faze fan it yndustryterrein tsjin Folsgeare oan. Neffens de gemeente is der ferlet fan mear romte.
Alris earder is besocht de útwreiding goed yn te passen yn it lânskip. Dêr lizze ek plannen foar. Atelier Friesland hat yn 2009 oanjûn hoe't De Hemmen mei 30 bunder útwreide wurde kin. Dêr wie it doarp it doe mei iens. De 10 bunder ekstra fan no gean te folle te koste fan it lânskip, fine de Folsgearsters.