Saak ôffaloven foar Steatsrie

REC ôffaloven © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
De Ried fan Steat yn Den Haag bûcht him moandei oer in saak tsjin de ôffaloven REC yn Harns. De Stichting Afvaloven Nee hie de saak dêr dellein, omdat de oven net feilich wêze soe.
De provinsje hie de feiligens earder wol goedkard, mar dêr wie de stichting it net mei iens. Se leine harren beswieren doe oan de provinsje foar. Dy woe dêr net op yngean. De Stichting gie dêrnei yn berop by de Steatsrie. Dy praat moandei oer de saak. De útspraak folget letter.